Toanielworkshop foar selskippen dy't oan de kriich meidogge

29 novimber 2017

Alle selskippen dy't oan de kriich meidogge kinne in toanielworkshop oanfreegje. 
Staf siket in geskikte workshopdosint en stiet foar de kosten hjirfoar. It selskip fersoarget de lokaasje foar de workshop en stiet ek foar de kosten fan de lokaasje en in bakje kofje of tee op de workshopjûn. As der meardere oanfragen binne foar in selde workshop sille dizze selskippen by elkoar foege wurde.
It selskip kin sels bepale wêr't se graach in workshop yn folgje wolle en / of tidens it neipetear advys freegje oan de karmasters.

Foarbylden fan te folgjen workshops binne:

  • technyk
  • spyljen
  • foarmjouwing
  • skriuwen
  • ensfh. freegje is frij

Oanfraachformulier toanielworkshop

*
*
*
*
*
*