It earste Amateurkeunstfestival

27 july 2023

Op sneon 23 septimber 2023 fynt it Amateurkeunstfestival plak yn Schouwburg De Lawei yn Drachten. Spesjaal foar amateurkeunstferieningen, iepenloftspullen, kulturele inisjativen, beliedsmakkers, bestjoerders, beoefeners en elkenien fan 13 jier ôf mei in leafde foar muzyk (hafabra) sang, dûns en teäter.

In  ‘Dei fan de Amateurkeunst’ nije styl. Mei dizze dei wol Keunstwurk amateurkeunstferieningen en inisjativen in flinke boost jaan by de start fan it nije kulturele amateurseizoen.

It festivalprogramma barst fan ynspirearjende workshops, nijsgjirrige lêzingen en masterclasses yn ferskate dissiplines. Dêrneist is der romte foar lekker iten, muzyk en in iepen poadium yn de grutte foyer. En om de dei ôf te sluten, in feestlike buorrel.

It evenemint duorret fan 13.00 - 18.00 oere, de entree is fergees en oanmelde ferplichte.

Mear ynfo/ oanmelde