Ynspiraasjemiddei regisseurs Jongerein-teaterdei

27 febrewaris 2022

Bisto regisseur yn it amateurtoaniel en makkest graach teäter mei jongerein út dyn doarp of wyk? Dan is dizze middei wat foar dy! Utwikseling, nije kennis en ynsichten opdwaan is wêr 't wy op fokusje.

Hoe kinst bygelyks teäter meitsje sûnder fêst skript? Hoe makkest spannende toanielbylden, hoe wurkest út de jongerein wei en harren fasinaasjes? Fansels is der ek gelegenheid om dyn praktykfoarbylden yn te bringen en te bepraten. Teätermakker en dosint Wendy Viel begeliedt de middei. Sy set dy wis ek oan it wurk, want teäter meitsje is ommers dwaan, hjir en no op 'e flier.

  • KOARTING: bist as toanielferiening oansletten by Iepen DoEk (foarhinne STAF )? Dan krigest in koarting fan 10 euro! Brûk koartingskoade: iependoek2022

E-flyer Inspiratiemiddag Regisseurs   (ek om troch te stjoeren)

Mear ynfo/ oanmelde >>

De ynspiraasjemiddei wurdt organisearre troch Iepen DoEk, Meeuw Jonge Theatermakers, Tryater en Keunstwurk.