WORKSHOP ‘Stikken lêze’ fan STAF

23 april 2020

Bestimd foar lêskommisjes, bestjoeren en oare minsken dy’t in stik útsykje moatte of wolle.

4  jûnen mei-elkoar prate oer: Hoe kom ik der achter oft it stik dat ik lês goed is?

Oan de hân fan foarbylden en it lêzen fan stikken komme jo der ûnder dizze workshop achter oft it wol of net in goed stik is. Hoe sit in stik ynelkoar. Wêr moat it oan foldwaan om spannend te wêzen.

  • Wy behannelje twa kluchten:
    De Kat yn de kelder  en Wat in skrik (of Straf).
  • Wy behannelje in komeedzje:
    Fjochtsje om leafde.
  • Wy behannelje in trageedzje:
    Bedobbe? Of It Pronkje fan Ierlân?

Dosinten: Gurbe Dijkstra, oersetter/ regisseur
                     Theun Ram, regisseur

Datums:  23, 30 april, 7 14 maaie 2020

Tiid:          19:00 oere
Plak:         wurd noch  bekend makke
Kosten:   € 25.00. Foar net STAF-leden € 30.00
Opjaan:   fia www.staf-fryslan.nl