Toanielpriis 2018

27 oktober 2017

Yn 2018 wurdt de Toanielpriis 2018 wer útrikt. De útrikking sil wêze op de feestjûn fan 100 jier toaniel yn Fryslân op 21 april 2018 yn it Fean Plaza yn Hearrenfean. De ynstjoeringen wurden beoardiele troch in kundige sjuery besteande út Rozemarijn Strubbe, (adviseur theater by Keunstwurk), Dick Eekma (foarsitter fan StUFT) en Albert Fabriek (fanút de selskippen)

De priis is ornearre foar selskippen dy't harren ûnderskiede: 

  • it bysûndere plak yn de mienskip
  • it bringen fan fernijende foarstellingen
  • op in oare wize ûnderskiedend is

It selskip dat wint hat rjocht op in priis fan € 1000,--, de beide selskippen dy't dêrnei komme krije elk € 250,--.
Selskippen dy't gading meitsje wolle nei de Toanielpriis 2018, moatte foar 15 febrewaris 2018 de fragelist folslein ynfolle en stjoere nei ynfo@staf-fryslan.nl.
It beoardieljen fan de ynstjoeringen sil bassearre wurde op in tal kritearia dy't it bestjoer fan Staf hjirfoar opsteld hat.