Teaterworkshops fan Karin Idzenga

29 july 2021

Hasto ek san sin om wer te spyljen? Yn hilaryske of yntrigearjende improvisaasjesênes? Of sikest just in útdaagjende nije wurkfoarm as regisseur? Op sneon 2 oktober 2021 organisearje STAF en Keunstwurk de workshops ‘De Vloer Op’ en ‘Theateropstellingen’ fan Karin Idzenga. Wol dyn hiele feriening san teaterworkshop? Dan kin Karin dit seizoen ek by jim del komme! 

Karin Idzenga is as regisseur, teatermakker en teaterdosint al mear dan 25 jier aktief in it Fryske amateurteater. De lêste jierren is sy ûnder oare regisseur by Iepenloftspul Snakkerbuorren. Foar har eigen stifting Theatergroep Broos skriuwt en regissearret sy stikken fanút improvisaasje.

 

Mear ynformaasje en oanmelde >>
 

Praktyske ynformaasje

Datum: sneon 2 oktober 2021
Tiden:  09.30-12.00 oere Theateropstellingen (foar regisseurs, teaterdosinten & foardere spilers)
             13.00-15.30 oere De Vloer Op  (foar alle nivo spilers, regisseurs & teaterdosinten)
Lokaasje: De Doas, Cornelis Trooststraat 48, yn Ljouwert
Priis: € 30,- de workshop
Oantal dielnimmers: maksimaal 15 de workshop
Oanmelde: oanmelde kin oant 28 septimber 2021