STAF

7 septimber 2016

Wolkom op de nije side fan STAF (STichting Amateurtoaniel Fryslân)

STichting Amateurtoaniel Fryslân is de provinsjale koepel foar it amateurteater yn Fryslân.
It bestjoer hat foar de kommende jierren de folgjende ambysjes:

  • Yn it seizoen 2016/2017 funksjonearret de kriich nije styl en is in begjin makke mei advys- en opliedingsaktiviteiten foar de oansletten ferieningen
  • Yn 2017 beoardielje de karmasters fan STAF ek de iepenloftspullen yn in aparte kriich en wurdt der stribbe nei in gearwurking mei de organisaasje fan de Gouden Gurbe
  • Staf wol yn 2018 in pro-aktyf, ynspirearjend, motivearjend en fasilitearjend platfoarm wêze foar it Fryske amateurtoaniel en de iepenloftspullen
  • It realisearjen fan 2 bysûndere projekten yn 2018 y.f.m 100 jier STAF
  • Groei fan it tal oansletten ferienigingen mei 25% yn 2020