Staf siket bestjoersleden

23 desimber 2016

Op dit stuit telt it Staf-bestjoer 6 leden, dêr moatte eins in pear by!
Liket it jo wat om mei te tinken oer it amateurtoaniel yn Fryslân yn al syn fasetten? 
Stjoer jo persoanlike gegevens en motifaasje nei ynfo@staf-fryslan.nl

We roppe elkenien dy't begien is mei it Amateurtoaniel op om te reagearjen!
Sjoen de gearstalling fan no, (viif mânlju, ien frou) binne we ekstra wiis mei froulike oanfolling fan it bestjoer.