Socht: KREATIVE IDEEEN FOAR IN BRUZJENDE TOANIELJUN
IT Frysk amateurtoaniel yn” it nije normaal”.
Yn de ôfrûne perioade ha we in soad nijs heard oer allerhande skitterjende toaniel projekten dy’t útsteld of ôflost binne. Dat is fertrietlik en in hiel protte minsken seagen harren dreamen net útkommen.
Alle jierren binne hûnderten kreative minsken aktyf yn it Fryske amateurtoaniel.
Tûzenen minsken genietsje fan moaie foarstellingen, sawol yn de iepenloft as yn ferskate sealen en oare lokaasjes. Dit moat net ferdwine!
Dêrom freget it bestjoer fan STAF oan alle warbere minsken yn it Frysk amateurtoaniel, spilers, regisseurs, dekôr ûntwerpers, ljocht- en lûdstechnisy, skriuwers, oersetters, bestjoerders en oare leafhawwers, om kreative ideeën foar it Frysk amateurtoaniel yn “it nije normaal”.
Wat betinkt de amateurwrâld yn it toaniel om dizze perioade goed troch te kommen?
Hoe jouwe we “it nije normaal” op in kreative en byldzjende wize foarm yn it Frysk amateurtoaniel?
As we mei syn allen neitinke oer wat der straks wol kin en dat mei inoar diele, kin it Frysk amateurtoaniel de tried wer oppakke.
Eltsenien dy’t in goed idee hat, freegje we dat yn te stjoeren nei ynfo@staf-fryslan.nl.
It bêste idee kriget € 500,-- , ek binne der prizen foar it op ien- en twa nei bêste idee fan resp. fan € 250,-- en € 100,--.
It prizejild moat bestege wurde oan de útfiering fan de winnende ideeën.
It STAF bestjoer is de sjuery.
Ideeën kinne ynstjoerd wurde oant 1oktober 2020.