Regiojûnen septimber 2019

19 july 2019

No ’t de kriich ferline tiid is, wurdt it tiid om in nije wei yn te slaan.

It doel is om, mei yngong fan it kommende winterskoft,  Fryslân te ferdielen yn 5 regio’s. Yn de twadde helte fan septimber organisearje wy ynformaasjejûnen yn dizze 5 regio’s de data binne:
16 sept.
 Doarsphûs It Trefpunt
 Doarpsstrjitte 9
9245 HP  
Nij Beets

17 sept.
It Maskelyn
Easter Omwei 5
9254 GM 
Hurdegaryp

18 sept.
Brasserie De Koperen Kees
Parkstraat 1
8901 GS  Sneek

19 sept.
HCR Duhoux
Greate Buorren 4-8
9088 AE  Wirdum
 

23 sept. 
Nij Franjum
Franjumbuorsterpaed 12
9034 GZ  Marsum

de jûnen begjinne allegear om 19.30 oere.

Op dizze regio-jûnen sil it bestjoer de nije koers fan Staf útlizze. Ek sil  Jos Thie in presintaasje jaan oer de situaasje yn it Amateurtoaniel yn Fryslân en is Keunstwurk, Luuk Eisema en NHL, Margarita Smit oanwêzich om ynformaasje te jaan oer de mooglikheden foar stipe troch harren organisaasje. Ek wolle we graach fan de selskippen hearre wat se noch misse en wêr 't se ferlet fan ha.

Yn elke regio wurdt 1 bestjoerslid fan Staf ferantwurdlik en wurdt der in groep gearstald fan 1 bestjoerder fan in feriening, 2 'foarhinne' karmasters en 3-5 leden fan ferieningen.
Dizze groep sil de stikken fan de ferieningen dy’t harren oanmelde foar de nominaasjes, yn de tawiizde regio, beoardielje.

Selskippen kinne harren oanmelde foar 6 nominaasjes; te witten:
-bêste spiler
-bêste spylster
-grutste jonge talint
-bêste technyk
-bêste foarmjouwing
-bêste muzyk

By einbeslút komme der 3 nominaasjes per kategory út, de heechste is de winner fan dy kategory.  Sa komme we op 6 prizen de regio, totaal 30 prizen.

Selskippen kinne harren, njonken foar de nominaasjes, ek oanmelde foar de ‘Meast bysûndere foarstelling’ yn de regio.  Dêrfoar ha we 1 priis beskikber, dus 5 nominaasjes (1 per regio) 1 dêrfan is de winner fan it winterskoft fan Fryslân.

In selskip kin der ek foar kieze om harren foar 1 fan beide op te jaan: of de nominaasjes of de ‘Meast bysûndere foarstelling’.

De regiogroep wurdt ek frege om oare toanielaktiviteiten yn de regio te organisearjen.

Yn elke regio sykje we in ienakter dy’t op de slútjûn spile wurde kin. 

De mooglikheid om in foarstelling skôgje te litten en nei de tiid mei de groep te bepraten, bliuwt,  fan no ôf sûnder punten.
As der ferlet fan stipe yn it repetysjeproses of in neipetear is, kinne jim in berop dwaan op de karmasters. Ek de studinten fan de NHL – oplieding dosint drama kinne hjir by stypje.

Iepenje dizze link foar de konsept regio-yndieling.

Oanmelde foar de regiojûnen kin mei ûndersteand formulier.

*
*
*
*
*
*
*