Prize-festival op slagge Jubileumjûn
Op sneontejûn 21 april wiene hast 400 Fryske toaniel leafhawwers sammele yn Fean Plaza yn it Abe Lenstra Stadion yn ’t Hearrenfean om it 100 jierrich jubileum te fieren fan it organisearre Frysk Amateurtoaniel.
De jûn waard presintearre troch ras-presentator Atze Lubach.
Foarsitter Jelle Wesselius fan STAF iepene de jûn mei in koarte blik werom en foaral foarút. Hy trune der by de selskippen op oan mear gear te wurkjen en foaral ek gebrûk te meitsjen fan de kennis en deskundigens dy’t fia STAF beskikber is. Sa kin bygelyks elk selskip dat mei dien hat oan de kriich in workshop fergees krije.
Nei it iepeningswurd fan de foarsitter wie it wurd oan it duo Atze Lubach en ‘special guest’ Peter Tuinman, akteur en Fries om utens.
Tuinman fertelde oer syn woartels yn it Frysk amateurtoaniel. Ek dat it earst net yn de rede lei dat er akteur wurde soe, hy woe de topsport yn. Dat slagge net. En nei ferskate baantsjes û.o. as filiaallieder fan in bank kaam er fia Tryater en de Noordercompagnie by it profesjoneel toaniel.
Dernei wie it tiid foar de útrikking fan de prizen.
It die bliken dat Atze en Peter in treflik duo wiene en yn folle feart wurden in hiele rits prizen útrikt.
De STAF toanielpriis 2018 wie foar it selskip ‘Kom mar op!’ út Suwâld. Neffens de sjuery in stichting wêr ‘t oer praten wurdt en dy’t harren sawol foar folwoeksenen as jongerein rjochtet op oarsoartige projekten. Derfoar ha se in deugdlik, betrouber beliedsplan .
Mei prizen foar de beste muzyk, beste foarmjouwing en meast bysûndere foarstelling en in twadde priis yn de kriich wie selskip ‘Op nij feriene’ út Bantegea de winner fan de measte prizen.
De winner fan de Kriich 2017-2018 wie selskip ‘STS Sint Nyk’ mei 243 punten. Sy hiene mei ‘Lamelos’ troch in ploech jonge toanielspilers de beste foarstelling fan it winterskoft makke.
Ien fan de spilers fan St.Nyk, Hidde Hilverda, wurde útroppen ta it beste jonge talint. Hy krige as ekstra priis in ‘gold card’ foar de Fulkaan, in teaterwike yn de Lawei.
Klaas Jaap v.d. Heide út Stiens wurde útroppen ta beste regisseur foar syn foarstelling ‘Farwol Ierde’ yn Stynsgea.
De oare prizen binne te finen fierderop op de side.
Nei al dizze prizen wie it de beurt oan cover- en feestband Boulevard dy’t it publyk mei swingende muzyk op ‘e dûnsflier krige en wist te hâlden oant yn de lytse oerkes.
De foto's fan de jubileumjûn binne makke troch Irene Eijgenhuijsen.
Foar it bybestellen fan foto's kinne jo in mail stjoere nei irene.eijgenhuijsen@home.nl mei it fotonûmer en de maat.