Nije stikken fan Stuft

28 april 2017

It toanielseizoen sit der op.
Foar de lêskommisjes tiid om in stik foar it kommende winterskoft út te sykjen.
Stuft hat wer in oantal nije stikken útjûn, bygelyks de klucht:

De kat yn de kelder fan Pol Anrys mei 5 manljû en 4 frouljû. Evarist Tanghe lit, alhiel tsjin it sin fan syn ' soere' suster Serafine, it kânsearme húshâlding De Kat tydlik yn de kelder fan syn hearehûs wenje. Ynearsten hat de famylje De Kat neat mei de kelder, mar dat slacht al rillegau om as se der achter komme dat se neist de bank komme te wenjen. Feliks sjocht de kâns op de 'jackpot' wol sitten en hy beslút fan út de kelder in tunnel nei de bank te graven. It plan liket te slagjen oan’t Serafine alles úntdekt.
Oersetten troch Gurbe Dijkstra

De komplete list mei nije stikken fan de Stuft
Der sit grif  wat foar jim by.