NETWURKGEARKOMSTE IEPENLOFTSPULLEN | 25 novimber 2021

12 novimber 2021

Utnûging | NETWURKGEARKOMSTE IEPENLOFTSPULLEN 

Foar alle Iepenloftspul-bestjoeren yn Fryslân en Iepenloftspul-bestjoeren yn spé foar it kommende jier. 

Op tongersdei 25 novimber fan (ynrin 19:15) 19:30 oant 22:00 oere organisearret Keunstuwwurk en Iepen DoEk (foarhinne STAF) de jierlikse netwurkgearkomste fan én foar alle iepenloftspul-bestjoeren yn Fryslân.

Op dizze jûn binne wy tegearre om kennis, plannen én fragen te dielen, te meitsjen, te ferbinen én boppeal, út te wikseljen meiinoar. Sa hâlde alle iepenloftspullen, Keunstwurk & Iepen DoEk konneksje meiinoar, stimme wy punten ôf en leare wy faninoar. Sa soargje en arbeidzje wy tegearre op foar in sterke takomst fan it Fryske toaniel.

Dit jier is dat yn gearwurking mei Iepenloftspul Wijckel, en treffe wy jimme graach yn Gebou Irene oan ’e Jeen Hornstraweg 8 te Wikel (Wijckel).

Oanmelde?

Ja, graach! Dit kin troch in mailtsje te stjoeren nei theater@keunstwurk.nl mei it oantal minsken wermei jimme as bestjoer komme.

COVID
Wy nimme de (RIVM) regels yn acht dy’t op dat stuit jilde yn it hiele lân.