Moetingsjun | Jeugd beluke, begeliede en ynspirearje

8 maart 2022

Moetingsjûn | 'Jeugd belûke, begeliede en ynspirearje' op tiisdei 8 maart 2022.

Binnen in soad (toaniel)ferienings is it de útdaging om nije oanwaaks fan jeugd te finen en dêrneist de jonge beoefeners te belûken by de feriening. Op dizze jûn binne (bestjoers)leden fan ferieningen wolkom om mei-inoar yn petear te gean oer dizze útdaging dy 't faak foarkomt. Oan de hân fan praktykfoarbylden sille we foaral sels oan de slach. 

Ek is der dizze jûn in spesjaal 'jeugdpanel' oanwêzich, in tal jonge beoefeners út ferskate keunstdissiplinen wei dy 't as saakkundigen oanslute by de jûn. Wy hawwe it mei-inoar oer de folgjende fragen ‘Hoe berikst de jongerein? ’ en ‘Hoe hâldst de jongerein belutsen by dyn feriening’? Twa inisjativen út de praktyk fertelle oer hoe 't sy dit oanpakke: toanielferiening Halbertsma Wergea en ’t Stationnetje in inisjatyf foar en troch jongerein. 

Mear ynformaasje en oanmelde>>