Leve de Vereniging webinar | Ynfo-webinar oer mienskips-programma IIS

16 maaie 2022

Fan maaie oant augustus is der Arcadia! It ferfolch op Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018. En krekt as doe kin dyn amateurkeunst -, sport - of doarpsferiening hjir oan meidwaan mei in eigen projekt, nammentlik yn it programma IIS! Kom alles te witten oer dit programma en hoe ' tsto meidwaan kinst by it ynformaasje-webinar op moandei 16 maaie. Fan 19.30 - 20.45 uur; online fia Zoom.

Arcadia is in hûndert dagen duorjend kultureel programma fan 6 maaie oant en mei 14 augustus 2022. IIS is it mienskips-programma fan Arcadia en Keunstwurk: it programma foar alle inisjatyfnimmers yn de Fryske mienskip.

Ek dyn feriening kin hjir oan meidwaan. IIS is der net allinnich foar kulturele ferieningen, mar foar álle ferienings. Dus ek fuotbalklups, doarpsbelangen of moestúnferieningen kinne meidwaan!  Mear ynfo/oanmelde