Ienakterfestival

18 desimber 2019

Op 4 april 2020 organisearret Staf in ienakterfestival foar de by Staf oansluten selskippen.
Ofhinklik fan it tal dielnimmers kin it festival fersprieden oer de dei en jûn plak fine.
Om de selskippen yn ‘e mjitte te kommen is der foar elke dielnimmende ienakter
€ 50,00 beskikber.
Staf nûget, jong, âld en alles der tusken yn, út om in ienakter oan te melden foar it festival. 

Wat biedt Staf?
- profesjoneel lûd en ljocht (gjin headsets)
- sjuery fan profesjenels út de toanielwrâld
- de winner spilet op de slútjûn op 18 april 2020 en wint € 250,--
- twadde priis is € 150,--
- tredde priis is € 100,--

Der binne nominaasjes en prizen foar:

  • Bêste spiler en spylster
  • Grutste jonge talint (oant 21 jier)
  • Bêste technyk (lûd en ljocht)
  • Bêste rezjy

Mear ynformaasje: ynfo@staf-fryslan.nl
Oanmelde: oant 1 febrewaris 2020 mei ûndersteand formulier


*
*
*
*
*
*
 
*
*
*
*