Fryske Toaniel Katalogus

22 juny 2021

It wie jimme grif al opfallen dat de Fryske Toaniel Katalogus net mear yn te sjen is op de webside fan Tresoar.

Sykje om in Frysk toanielstik kin no op de side fan de StUFT www.stuft.nl.
As jo dizze link folgje komme jo streekrjocht by de Fryske Toaniel Katalogus.

Dêr fine jo alle toanielstikken dy’t útjûn binne.
Dizze stikken binne, krekt as altyd, op te freegjen fia de StUFT.

Boppeoan by it kopke ‘Manuskripten’ kinne jo sykje op Fryske stikken dy’t net útjûn binne mar wol de muoite wurdich om te spyljen. As jo in manuskript lêze wolle kin dat, krekt as altyd, liend wurde by Tresoar. Foar fierdere ynformaasje oer rjochten ensfh. kinne jo by Keunstwurk terjochte: theater@keunstwurk.nl

Skriuwers as oersetters kinne harren wurk digitaal ynleverje fia theater@keunstwurk.nlWy binne der tige mei holpen as jo dit formulier sa folslein mooglik meistjoere.
Yn gearwurking mei de StUFT sil it stik ferwurke wurde yn de Fryske Toaniel Katalogus.