De Foarstelling

1 maaie 2019

Yn it ramt fan it 100 jierrich bestean fan Staf yn 2018, spilet ein 2019 'De Foarstelling' yn 6 teaters yn Fryslân.
De repetysjes binne útein setten en de kaarferkeap ek, reservearje kin fan no ôf fia de linkjes ûnderoan dizze side.

DE FOARSTELLING:

In teatrale én muzikale foarstelling mei in knypeach nei 100 jier organisearre amateurtoaniel yn Fryslân. Dizze unike, selsbetochte en sels makke ko-produksje wurdt in bûnte jûn oer fêste gewoantes en emoasjes, ergernissen, tûkelteammen, mar foaral in protte wille mei en oer it Fryske amateurtoaniel. In oanrieder foar elk dy ’t graach oer toaniel mei; net fersitte!

Regy: Tineke Broers
Teksten: Geert Hager
Muzyk: Tseard Nauta
Dûns en beweging: Grietine Molenbuur

freed 1 novimber 2019 Posthuis Theater Heerenveen
sneon 2 novimber 2019 De Skâns Gorredyk
freed 8 novimber 2019 De Koornbeurs Frjentsjer
sneon 9 novimber 2019 De Hege Fonnen Lemmer
freed 15 novimber 2019 Theater Sneek Snits
sneon 16 novimber 2019 Sense Dokkum