Dreame sûnder grinzen
De mienskip feroaret, it amateurteater en dy omjouwing feroaret mei. Hoe't Staf in rol spylje kin yn de feroarjende teaterwrâld stiet beskreaun yn in notysje.
It begjin is makke op 31 oktober 2015; ‘Dreame sûnder grinzen’, yn de mole fan Seisbierrum. Under begelieding fan profesjonele dosinten waarden de dielnimmers útdage oer it ûnderwerp ‘Wat is dyn dream op it gebiet fan toaniel / teater’.
Op dit stuit is de wurkgroep dwaande mei de tariedingen foar in ferfolch.
DE WURKGROEP DREAME SUNDER GRINZEN BESTIET UT:
- Jelle Wesselius
- Ben Flootman
- Theun Ram
- Geert Louwes