Reglemint toanieladvys
Reglemint STAF toanieladvys
Alle by STAF oansletten selskippen kinne gebrûk meitsje fan de mooglikheid om advys te krijen by it meitsjen fan in produksje.
It advys kin oer allerhande saken gean, dy ’t in foarstelling oanbelangje.
Bygelyks :
Kar fan in stik
- sykje
- skriuwe
- oersette
Rezjy (byg. begelieiding yn it repetysjeproses)
- mise en sêne
- tempo en ritme
- spulstyl
- tekstbehanneling
Dekor/foarmjouwing
Kostúms / oanklaaiing
Technyk
Muzyk yn in produksje
- Foar dit advys kin in oanfraach yntsjinne wurde by STAf mei dit formulier
- De koördinator siket nei oanlieding fan de fraach kontakt mei it selskip en mei in persoan of ynstelling op it gebied wêr ‘t advys foar oanfrege wurdt
- De persoan of ynstelling dy ’t advys jout moat ynskreaun wêze by de Kamer van Koophandel
- It oansletten selskip kin by it oanfreegjen fan advys in bydrage krije
- STAF jout in bydrage oant 25% fan it toanieladfys; mei in maksimum fan € 150,-- per advys dat oanfrege wurdt
- It selskip kriget streekrjocht fan de persoan of organisaasje in rekken foar it ferliende advys
- It selskip kin dêrnei de rekken by STAF yntsjinje om in bydrage oan te freegjen
- It is ek mooglik om gebrûk te meitsjen fan de tsjinsten fan by STAF oansletten saakkundigen.
Dy binne net ynskreaun by de Kamer van Koophandel. Dêr wurdt in fergoeding foar frege fan € 4,50 it oere. Yn sokke gefallen is der gjin mooglikheid om in bydrage oan te freegjen - Alle kontakten foar toanieladfys rinne fia de koördinator
- It kontaktadres is : ynfo@staf-fryslan.nl