Reglemint slútjûnstik
Reglemint Slútjûnstik
Betingsten foar de selskippen dy't gading meitsje wolle nei fersoarging Slútjûnen
1 - It te spyljen stik moat in Frysktalige premjêre wêze, dy't yn it selde winterskoft spile wurdt as dêr't de Slútjûn yn falt. Oersettingen falle hjir ek ûnder. In Frysk stik dat net nij is mar danich op 'e nij bewurke is, of oars ynterpretearre wurdt, kin beskôge wurde as in Fryske premjêre.
2 - De selskippen dy ’t gading meitsje wollen nei fersoarging fan ‘e Slútjûn moatte meidwaan oan ‘e Kriich.
3 - De foarstelling moat kwaliteit hawwe.
4 - De foarstelling moat geskikt wêze (of makke wurde) foar presintaasje yn in troch STAF útkeazen lokaasje.
5 - De foarstelling moat troch de Wurkgroep Seleksje foar 1 maart skôge wurde kinne.
6 - Selskippen, dy't meidogge yn de proseduere seleksje foar it slútjûnstik, wurdt mei klam frege, dit stik yn itselde winterskoft net op alderhande oare plakken op te fieren. De stelregel hjirby is: it slútjûnstik dat yn de Lawei spile wurde sil, moat in sa grut mooglike ferrassing bliuwe.
7 - De opjefte kin ôfwiisd wurde as bliken docht dat mear selskippen yn it oanbelangjende winterskoft it selde stik spylje.
8 - De opjefte kin ôfwiisd wurde as it selskip net oan de foarleine betingsten foldocht/foldwaan kin.
Download hjir it reglemint slútjûnstik