Protokol selskippen
- Stel fan jimme bestjoer ien oan dy’t op de útfieringsjûn de ‘soarch’ foar de karmasters hat. Hy/sy fungearret as oansprekpunt foar de karmasters
- Dizze persoan ûntfangt de karmasters en bringt harren nei de reservearre sitplakken (mei in taffeltsje)
- De karmasters moatte op in plak sitte wêr’t it hiele toaniel goed te skôgjen is (maks. in tredde part fan it toaniel ôf)
- Yn ‘e rin fan de jûn de karmasters wat te drinken oanbiede
- Nei ôfrin fan jimme útfiering in rêstich en waarm plakje oanwize