Prizen kriich
Der binne yn totaal 11 prizen te winnen.
In selskip kin net mear as twa prizen winne per foarstelling.
In foarstelling mei de heechste punten kin net mear in priis winne yn de kategory grutste stiger, dat wol sizze dat de nûmers 1 en 2 fan de list en de 4 grutste stigers altyd 6 ferskillende foarstellingen binne. Dizze 6 foarstellingen kinne noch wol ien priis winne yn de kategoryen C o/m G
As in selskip kwa punten rjocht hawwe soe op mear as twa prizen , dan kriget it selskip dat op ien nei de measte punten hat de folgjende priis en sa fierder.
De folchoarder is dan:
A. de nûmers 1 en 2 mei de heechste punten fan it jier
B. de fjouwer heechste stigers fan dit jier
C. de meast bysûndere foarstelling
D. it grutste talint
E. de beste/meast bysûndere foarmjouwing
F. de beste/meast bysûndere technyk
G. de beste/moaiste muzyk
De karmasters puntsje neffens de puntelist en de prizelist. Fan de prizen C o/m G wurde de 5 foarstellingen mei de heechste punten nominearre. Op de slútjûn wurdt dan bekend hokker foarstelling dy priis wûn hat.
Dus: as in foarstelling in priis wint by A of B, dan kin dy foarstelling noch mar ien nominaasje krije. As in foarstelling gjin priis kriget by A of B, dan kin hy noch 2 nominaasjes krije bij C o/m G