Ynteraktive toanielmiddei yn Wergea

18 febrewaris 2017

Yn gearwurking mei STAF organisearret toanielferiening Halbertsma in ynteraktive toanielmiddei.
Mei inoar wolle wy it petear oangean oer toaniel, om fan inoar te learen en inoar te entûsjasmearjen.
Op dizze middei krije jim alfêst in foarpriuwke fan ús jubileumstik “Ik haw in Dream”.
Basearre op de ferskes fan ABBA en him ôfspyljend yn it waarme Grikelân. In syktocht fan in jonge frou nei har heit.
Oan ‘e hân hjirfan kinne ûnderfiningen dielt wurde en kin mei ferskate oanbelangjende partijen it petear opsocht wurde. Fan spilers oant PR, fan technyk oant kapwurk, fan alle subkommisjes sille meiwurkers oanwêzich wêze.
Oan ‘e ein fan de middei is der foar de by STAF oansletten toanielferienings de mooglikheid om mei koarting (maksimaal fjouwer) kaarten te keapjen foar de foarstelling (€10,- it stik).

Jim binne wolkom op

De útfieringsdata binne: 24 en 25 febrewaris, 3, 4, 10 en 11 maart om 20:00 oere yn ‘e Bidler te Wergea.
Mear ynformaasje is te finen op ús webside: www.ikhawindream.frl

Wy hoopje op in moaie, kreative middei en mooglik ferfolch yn ‘e takomst.