Prize-festival op slagge Jubileumjūn

1 maaie 2018

Op sneontejûn 21 april wiene hast 400 Fryske toaniel leafhawwers sammele yn Fean  Plaza yn it Abe Lenstra Stadion yn ’t Hearrenfean om it 100 jierrich jubileum te fieren fan it organisearre Frysk Amateurtoaniel.

De jûn waard presintearre troch ras-presentator Atze Lubach.

Foarsitter Jelle Wesselius fan STAF iepene de jûn mei in koarte blik werom en foaral foarút. Hy trune der  by de selskippen op oan mear gear te wurkjen en  foaral ek gebrûk te  meitsjen fan de kennis en deskundigens dy’t fia STAF beskikber  is. Sa kin  bygelyks elk selskip dat  mei dien  hat oan de  kriich in workshop fergees krije.

Nei it iepeningswurd fan de foarsitter wie it wurd oan it duo Atze Lubach en ‘special guest’ Peter Tuinman, akteur en Fries om utens.

Tuinman fertelde oer syn woartels yn it Frysk amateurtoaniel. Ek dat it earst net yn de rede lei dat er  akteur  wurde soe, hy woe de topsport yn. Dat slagge  net. En nei ferskate baantsjes û.o. as filiaallieder fan in  bank kaam er fia Tryater en de  Noordercompagnie by it  profesjoneel toaniel.

Dernei wie it tiid foar de  útrikking  fan de  prizen.

It die  bliken dat Atze en  Peter in treflik duo wiene en yn folle feart wurden  in  hiele rits  prizen  útrikt.

De STAF toanielpriis 2018 wie foar  it selskip  ‘Kom mar op!’ út Suwâld. Neffens de  sjuery in stichting wêr ‘t oer praten wurdt en dy’t harren sawol foar folwoeksenen as  jongerein  rjochtet op oarsoartige  projekten. Derfoar  ha se  in deugdlik, betrouber beliedsplan .

Mei prizen foar de beste muzyk, beste foarmjouwing en  meast bysûndere foarstelling en  in twadde  priis yn de kriich wie selskip ‘Op nij feriene’  út  Bantegea de winner fan de  measte  prizen.

De winner fan de  Kriich 2017-2018 wie selskip ‘STS Sint Nyk’ mei 243 punten. Sy hiene mei ‘Lamelos’ troch in  ploech  jonge toanielspilers de beste foarstelling fan it winterskoft  makke.

Ien fan de spilers fan St.Nyk, Hidde Hilverda,  wurde útroppen ta it beste jonge talint. Hy krige as ekstra  priis in  ‘gold card’ foar de Fulkaan, in teaterwike yn de Lawei.

Klaas Jaap  v.d. Heide út Stiens wurde útroppen  ta beste regisseur foar syn foarstelling ‘Farwol  Ierde’ yn  Stynsgea.

De oare  prizen  binne te finen fierderop op de side.

Nei al dizze prizen  wie it de  beurt oan  cover- en  feestband Boulevard dy’t  it  publyk mei swingende muzyk op ‘e dûnsflier krige en wist te  hâlden  oant yn de lytse  oerkes.

De foto's fan de jubileumjûn binne makke troch Irene Eijgenhuijsen.
Foar it bybestellen fan foto's kinne jo in mail stjoere nei irene.eijgenhuijsen@home.nl mei it fotonûmer en de maat.