Oplieding ta karmaster 2017

9 novimber 2016

Foar elkenien dy't op ien of oare wize besibbe is mei it amateurteater!

It wurdt in yntinsive oplieding fan sa ‘n 20 gearkomsten fan trije oeren elk, op tongersdeitejûn, mei dêrneist
opdrachten om stikken te skôgjen en te bepraten.
Alle aspekten fan it toaniel komme yn 17 modulen oan de oarder. De klam sil komme te lizzen op it skôgjen fan toaniel en it mei elkoar analysearjen wat men sjoen hat.
In soad promininte oplieders út de Fryske amateurteaterwrâld sille ien of mear fan dy modulen fersoargje. Fansels wurde ek de betûfte karmasters fan STAF ynskeakele foar de praktyske begelieding.

It opliedingsplan 

Foar ynformaasje kinne jo telâne by de wurkgroep Oplieding ta STAF Karmaster (WOK)
Anneke de Vries   
tel 0511 474118   
Jelle Terwal     
tel 06 30493981

Oanmelde: fia dit formulier