Nijs fan it bestjoer
27 july 2017
Nei alle prachtige Iepenloftspullen komt skielk wer it winterjûnenocht.
De earste oanmeldingen foar de kriich 2017 / 2018 binne der al.
- Nei ynventarisaasje, fan de ynstjoerde evaluaasjeformulieren foar it neipetear fan it winterskoft 2016 / 2017 en de regio-jûnen, hat it bestjoer besluten om in oantal oanpassingen yn de kriich troch te fieren. De definitive wizigingen wurde sa gau mooglik nei 20 septimber bekend makke. De foarstelde wizigingen wurde earst yntern mei de kriichkommisje en karmasters kommunisearre.
- Dit jier gjin opjefteformulier foar de jierlikse tradisjonele slútjûn.
Yn 2018 fiert Staf it 100 jierrich jubileum.
Yn 1918 waard it Frysk Amateurtoaniel oerkoepele troch de oprjochting fan de foarrinner fan Staf; it BFT, Boun Fryske Toanielselskippen. Dat litte we net ûngemurken foarby gean.
Op sneon 21 april 2018 organisearret Staf in grut feest yn it Fryslân Fean Plaza op it Hearrefean. Dêr sille op feestlike wize de prizen útrikt wurde.
Yn ‘e rin fan de tiid folget hjiroer neiere ynformaasje.