Feroaringen Toanielkriich 2017 2018

30 novimber 2017

Nei ynventarisaasje, fan de ynstjoerde evaluaasjeformulieren foar it neipetear fan it winterskoft 2016 / 2017 en de regio-jûnen, hat it bestjoer besluten om in oantal oanpassingen yn de kriich troch te fieren. 
 Om de kriichdielname te stypjen en 'e slútjûn spannender te meitsjen binne it bestjoer en de kriichkommisje ta de folgjende wizigingen kommen:

  • Mei yngong fan dit winterskoft komme der 3 karmasters om de foarstelling te skôgjen
  • De bonuspunten, dy ’t oant no ta behelle wurde koenen binne ôfskaft
  • Oan it ein fan it winterskoft wurde alle punten fan de selskippen yn rangoarder set
    It tal dielnimmende selskippen wurdt yn trije parten (klassen) ferdield. Bygelyks: 54 selskippen hawwe meidien; dan wurde it trije parten fan 18 selskippen. As der net troch 3 dield wurde kin, wurdt it tal dielnimmers yn part 1 en part 2 taheakke mei 1 selskip. Bygelyks 56 dielnimmers: Part 1 hat 19 selskippen; part 2 hat 19 selskippen en part 3 hat 18 selskippen.
  • De selskippen dy ’t oan it ein fan it winterskoft op plak 1 en 2 steane krije hjirfoar in priis. It heechst einige selskip is winner fan de Toanielkriich fan dat winterskoft
  • Yn elk part kinne 7 prizen wûn wurde foar 7 ferskate teateraspekten ntl. :
    • de meast bysûndere foarstelling
    • it grutste jonge talint
    • de bêste spiler
    • de bêste spylster
    • de bêste foarmjouwing by in foarstelling
    • de bêste technyske stipe by in foarstelling (lûd en ljocht)
    • de bêste muzikale stipe by in foarstelling

Yn elk(e) part / klasse wurde foar dizze 7 teateraspekten 3 selskippen nominearre. Foar elk teateraspekt is in winner yn elk(e) part / klasse. Op de slútjûn wurdt bekend makke hokker selskip mei hokker aspekt yn harren part de priis wûn hat. Der binne dus 21 prizen te winnen. In selskip kin mear as 2 prizen winne.

  • Elk selskip kin harren regisseur nominearje foar de priis fan : bêste regisseur fan de Toanielkriich 2017-2018
  • Elk selskip dat oan de kriich meidocht kin in workshop oanfreegje by Staf
  • Alle feroaringen binne opnommen yn it kriichreglemint