Feestjûn 21 april 2018

22 jannewaris 2018

1918 -2018 
Hûndert jier organisearre amateurtoaniel!!!

Op 21 april 2018 fiere wy dit feest op net tradisjonele wize yn it Feanplaza op it Hearrenfean
fan 20.00 – 01.30 oere. Ynrin fan 19.30 oere ôf mei kofje / thee.

It programma:

  • Iepening
  • Taspraken
  • Utslach toanielkriich
  • Utrikking fan de Staf toanielpriis 2018
  • Priisútrikking fan de nominaasjes 

It programma wurdt op artistyke wize presentearre troch Atze Lubach, de prizen wurde útrikt troch Peter Tuinman en de  jûn wurdt muzikaal ôfsluten troch Coverband Boulevard

Elkenien dy’t op ien of oare wize belutsen is of wie mei it organisearre amateurtoaniel, kin him of har
foar 9 april 2018 opjaan foar dizze feestjûn fia ûndersteand oanmeldformulier.
Wy nûgje jimme fan herte út om mei inoar dit feest te fieren, de tagong is fergees. 
Staf biedt in hapke en in drankje oan…,  fierdere konsumpsjes binne foar eigen rekken.

Wy fine it aardich as jimme yn passende, opfallende toanielklean komme (net ferplicht)
 

*
*
*
*
*
*
*