Dreame sûnder Grinzen Festival

27 septimber 2016

Yn 2015 organisearre de Staf yn Seisbierrum de ‘Dreame sûnder Grinzen’ dei. In útnûging foar de dielnimmers om oer de grinzen te tinken en te sjen.
Doelstellingen fan de dei wiene; - frijút tinke en de grinzen ferkenne – moeting – nije ympulzen foar folgjende projekten – nije ideeën foar de takomst.

Yn 2016 hat Staf fan dy suggestje út keazen foar in gearwurking mei Keunstwurk. Mei elkoar ha dizze  partners it ’Dreame sûnder Grinzen Festival’ ûntwikkele. Yn Nieuw Allardsoog  yn Bakkefean wurdt it in dei dy’t moeting, training, ynformaasje, enerzjy en wille by inoar bringe sil. Elkenien fan jong oant âld kinne op dizze dei terjochte. Jongeren kinne de lokaasje al troch te  JongereinTeaterDagen fan de ôfrûne jierren.
Kinst de folgjende workshops folgje: SPUL, REGY, BEWEGING en FOARMJOUWING. Dielnimmers wurde op de dei sels yndield by 2 worskhops.

Wannear: 12 novimber 2016
Tiid: 9.00 – 20.30 oere
Lokaasje: Nieuw Allardsoog, Jarig v/d Wielenwei 6, 9243 SH  Bakkefean
Foar: elkenien fan 12 jier ôf dy't dwaande is mei of belangstelling hat foar Teater
Tagong: oant 20 jier € 15,-- / 20+ € 30,-- ynkl. workshops, lunch, stamppot buffet en drinken
Mear ynfo: ynfo@staf-fryslan.nl
Oanmelde: graach foar 4 novimber  fia dit formulier
NB: op basis fan it tal oanmeldingen wurdt besluten oft de dei wol/ net trochgiet

It programma:
9.00 – 9.30 oere: Ynrin  
9.30 – 11.30 oere: 1e Workshops ronde
11.30 – 13.30 oere: Lunch en merk: presintaasjes Staf,  Veder, Stipe
13.30 – 16.30 oere: 2e Workshops ronde + tarieding presintaasjes workshop
16.00 – 17.30 oere: Byienkomst dosinten foar jongerein û.l.f. Rozemarijn Strubbe Keunstwurk
17.00 – 18.30 oere: Stamppot buffet en merk: presintaasjes Staf, Veder, Stipe
18.30 -  19.00 oere: Hoe wie de dei? Tarieding presintaasjes  
19.00 -  20.30 oere: Workshop presintaasjes en ôfsluten

Yn Bakkefean krije de dielnimmers 2 workshops, lunch, jûnsiten en presintaasjes fan organisaasjes te sjen en der is in merk wêr’t fraach en oanbod fan amateurteater te finen is. Dielnimmers kinne hjir ek ynformaasje oer harren eigen projekten kwyt. Boppedat binne der nei it jûnsiten 5 presintaasjes fan de workshops.

De opset fan it festival is ienfâldich; moarns en middeis binne der workshops foar jong en âld, fersoarge troch 4 nije en 1 ervaren makker/ dosint yn it amateurteater. Under de lunch en it jûnsiten binne der presintaasjes fan Staf, Veer en Stipe. Dizze presintaasjes binne ek tagonklik foar minsken dy’t gjin dielnimmer oan it programma binne.
Koartsein: in ûnmisbere dei dy’t ûnmisbere ynspiraasje foar it kommende jier opleverje sil.  

De dosinten foar de workshops ha in profesjonele oplieding en rom ûnderfining yn it amateurteater. Sy jouwe net allinnich les mar geane mei fragen en input fan de dielnimmers oan ‘e slach. It binne workshops dy’t in nije ympuls foar de dielnimmers en harren ferieniging opleverje.

Caro Kroon giet troch it libben mei byldzjende keunst, as makker, aktrise en sjongeres. Sy hat de oplieding regy by Keunstwurk folge. Mei de iepenloftfoarstellingen fan Spoonk wie sy suksesfol. Ek hat sy projekten yn doarpen ûntwikkele yn it projekt ‘de Reis’, troch Keunstwurk ûntwikkele yn it ramt fan Kulturele Haadstêd. Har workshop giet oer foarmjouwing en dekôr yn it teater.

Aukje Schaafsma is in nije namme by Tryater as spiler en regisseur. Mei de nije stichting ’Skoft en Skiep’ (stipe troch Tryater) luts sy de wyk of in doarp yn om fia kontakt mei minsken ta in foarstelling te kommen. Aukje jout in workshop spel.

Raymond Muller spile ferskate produksjes by Tryater.  Mei in tal kollega’s rjochte hy it mannekollektyf ’Illustere Figuren’ op. Dizze groep makket mei elkoar foarstellingen oer tema’s dy’t yn dizze tiid spylje. Raymond jout in workshop spel.

Afke Brenninkmeijer hat har dûnsoplieding dien by Artez in Arnhem. Yn Fryslân wie sy aktyf by Dance Explosion by de Dance Divisie, dizze groep siket de grins fan dûns/beweging en tekst op. Afke giet  yn har workshop op ûndersyk nei beweging yn in toanielstik.

Luuk Eisema is adviseur teater by Keunstwurk. Al jierren koördinearret hy de oplieding regy, ek wol bekend as de lange regy kursus. De lêste projekten wiene de regy fan it Iepenloftspul yn Bantega en de projektlieding fan de pASsant, de busreis lâns de Sintrale As. Luuk sil yn syn workshop mei de dielnimmers sjen nei reagearjen op aktearjen.