Brodzige simmerjûn 22 juny

19 juny 2017

Op 15 juny wie de Bidler yn  Wergea it toaniel fan de earste fan twa regiojûnen  dy’t it bestjoer fan STAF organisearre.
Der wiene dik tritich minsken om meielkoar, mei presentator Klaas Jansma en  it diskusjepannel te diskusearjen oer
De takomst fan it fryske amateurtoaniel. Hoe hâlde wy it toaniel by de tiid? Dat wie de sintrale fraach.
De workshop is wûn troch Jounswille, Stynsgea

Op 22 juny is de twadde jûn yn sealensintrum Sint Nicolaasgea, Baron van  Hardenbroekstraat 3.
Ek dizze twadde jûn wurdt presentearre troch  Klaas Jansma.

It diskusjepannel bestiet út:
Luuk Eisema  adfiseur Teater Keunstwurk
Marijke Geertsma  aktrise/regisseur
Theo Smedes  regisseur/akteur
Jelle Wesselius  foarsitter STAF

Wolle jim meiprate oer de takomst fan  it Fryske Amateuttoaniel jou jim dan op foar dizze twadde jûn fia dit formulier